It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

De Bjusterbaarlike Baron

Jurjen Faber

13,50

Details

Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen.
En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy’t skippen opite en útsûnderlike hynders.  It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen.

Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier.

Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy’t net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten.

Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen Faber makke er de teäterfoarstelling ‘de Bjusterbaarlike Baron’. Doe’t er in jonkje fan njoggen wie hat er fan ’e biblioteek fan Warkum in skoft hieltyd itselde boek liend. Dat boek hjitte: ‘De wonderbaarlijke avonturen van de Baron von Münchhausen.’ 

 


Simone: It moaiste is om elk ferhaal apart foar te lêzen, sa kinne de bern it efkes besinke litte en neitinke oer wat der no werklik yn it ferhaal bart. Al binne de ferhalen sa wûnderbaarlik dat it faak net by ien bliuwt. Sophie (11) fynt it aardich dat it boek oars is as oare boeken omdat der allegear dingen barre dy’t hielendal net kinne. Se fynt it ferhaal fan it heale hynder it leukst. Net te leauwen dat se in hynder oanelkoar meitsje kinne mei tûken fan laurier en dat dêr dan ek noch in beam útgroeit. Reuze handich. Dêrneist is it ferhaal fan de bargesturt ek ien fan har favoriten, al is it wol wat sneu hoe’t it mei de baarch ôfrint.

De Bjusterbaarlike Baron is in bysûnder moai boek, dat de fantasy fan ‘e bern prikelet en se meinimt nei in wrâld fol aventoer.

Lês de folsleine resinsje fan Simone op heitenmem.nl

 

Sita: Trochdat de ferhalen net sa lang duorje, is it boek ek hiel geskikt om per haadstik te lêzen foar it sliepen gean. Fyftjin jûnen hawwe wy mei de baron op aventoer west en nei elk ferhaal wiene de jonges enoarm entûsjast. Want ja, dit soe wol wer in swetsferhaal wêze, toch mem? Tegearre ha we alle jûnen ûndersocht oant wêr’t it ferhaal noch wier wêze koe en fanôf wêr’t it dochs wol hiel sterk waard.

Doe’t ik nei it lêste ferhaal ferklapte dat de baron echt bestien hat, wie dat foaral in hiele ferrassing! Soene de ferhalen dan dochs allegearre krekt sa wêze as dat de baron ferteld hat…?

Lês de folsleine resinsje fan Sita op heitenmem.nl

Author : Jurjen Faber ISBN : 9789493159907 New label : 1 Pages : 32 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Illustrator : Paul van Dijk Kategory: , , , , , , , .