It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Cap Sud

Reinder Rienk van der Leest

17,50

Details

Cap Sud (sûnder aksint: it is in Frânske namme) giet oer twa freonen, Diderik en Gerl. Gerl sjocht yn in fisoen hoe’t syn maat in autoûngelok krijt. Nei in petear mei in âlde frou dy’t yn de takomst sjen kin, giet Gerl mei de feint fan syn suster op ’e motor op speurtocht nei Diderik om him dêr foar te behoedzjen. Dy is yn Frankryk op fakânsje. It wurdt in tocht fol aventoeren. Se ha gjin oare oanwizing as dat se nei Cap Sud ta moatte.

Cap Sud is it iennichste jongereinboek fan Van der Leest, skreaun yn opdracht. Hy krige der yn 1983 de earste Simke Kloostermanpriis foar.

Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1980.

Reinder Rienk van der Leest waard berne yn Drachten yn 1933. Hy folge yn Ljouwert de HBS en dêrnei de kweekskoalle. Syn literêre belangstelling kaam pas op lettere leeftyd. Eksperimentearje mei foarm en it sljochtsjen fan grinzen tusken literatuer, keunst en muzyk wiene syn driuw. Yn 1981 krige er de Gysbert Japicxpriis foar de dichtbondel Keunst en fleanwurk.

Author : Reinder Rienk van der Leest ISBN : 9789089541673 Pages : 164 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Kategory: , , , .