Bûsboekje 2026
€9,00
Details
It iennichste Frysktalige Bûsboekje leit wer yn ’e winkel. De edysje 2026 stiet fol mei nijsgjirrige stikjes en tips. It Bûsboekje is yn ’e jierren 70 ûntstien út it idee wei dat it Frysk in folweardige taal is. In bûsboekje is hiel persoanlik, it komt yn ’e rin fan it jier fol te stean mei priveesaken en kontaktgegevens fan freonen. In Frysktalich bûsboekje is noflik en hiel gewoan.
Tema 2026: Boadskippen. Boadskippen giene yn it ferline fan mûle op mûle, mei reeksinjalen en postdowen. Hjoeddedei giet it gauris digitaal. Mar bestellingen fia it ynternet liede wer ta in protte boadskippen (pakjes) dy’t oan ’e doar brocht wurde. En minsken wurde noch faak om in boadskip stjoerd. Yn oarlochstiid wurde boadskippen faak ferpakt yn koades. En ek dit Bûsboekje bringt alle wiken in boadskip, in sechje.