Buorkje yn Fryslân
Harm en Foppe Kielstra
€19,90
Details
In skets fan it boerelibben yn ‘e tweintichste ieu
Dat de wrâld hieltyd feroaret is gjin nijs. Hoe hurd dy feroarings gean, wudt dúdlik as men de muoite nimt om achterom te sjen. ek yn ‘e lânbou hat in revolúsje plakfûn. It ‘rêstige’ boerelibben mei syn fêste gewoanten en tradysjes is nei de Twadde Wrâldoarloch omraak feroare.
Dit boek oer de lânbou yn de tweintichste ieu is gjin wittenskiplik wurk, mar it ferhaal fan immen dy’t in grut part fan dy ieu buorke hat en bestjoersfunksjes hie yn ferskate boere-organisaasjes.