It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Bûntskildere werklikheid

Antsje Swart

15,00

Details

Oantinkens oan de skriuwer Trinus Riemersma.

Alle jûnen om eksakt deselde tiid lies de jonge skriuwer syn skriuwersfrou oan ’e iterstafel foar wat er dy dei skreaun hie. Oft it wol ‘moai’ wie en ‘echt’. Siet ‘it der net yn’, dan typte er oant djip yn ’e nacht troch en stie it hûs moarns blau fan ’e sigretsjes. Hy woe skriuwe foar de gewoane minsken. Om sjen te litten dat it mienens wie moast er sjokkearje. Mar hy die allinne mei oan ’e ‘boe-ropperij’ fan syn jonge generaasje, sei er, om’t er tusken har efter yn ’e seal siet. Hy hie read hier. Hy foel op.

Faaks wie er serieuzer as de oare jonges, of gefoeliger; mei wissens wie er tûker en hie er gjin sin om mei wa ek freonen foar it libben te swarren. Alles dat fêst siet yn ‘e wrâld fertsjinne in skop. Wis, in ferteller mocht him ferskûlje yn syn ferhalen. Mar wat er skreau moast sa wier wêze, dat it sear die.

Antsje Swart komt út It Bilt, hat Spaansk en literatuerwittenskip studearre en wie tsien jier lang skriuwersfrou. Doe’t se troude mei Trinus Riemersma wist noch net ien dat dy in bekende skriuwer wurde soe. Mar Riemersma wûn in oanmoedigingspriis mei in koart ferhaal en rôp út: ‘Ik sil in boek skriuwe dat de bibel oerstallich makket!’ Swart skattere om de boarstklopperij: ‘Ik help dy!’

 

Author : Antsje Swart ISBN : 9789082576252 New label : 1 Pages : 93 Language : Frysk Publisher : Utjouwerij Grotesk Format : paperback Illustrator : Friduwih Riemersma Kategory: , , .