Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Brekizers fan de foarútgong

Philippus Breuker

19,50

Details

Nut en nocht op doarpen yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu.

It doarp hat yn Fryslân altyd in wichtich plak ynnommen as de ienheid fan de sosjale struktuer. Jo kinne Fryslân in lân fan doarpslibben neame. Yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu krijt dat doarpslibben in hiel oar karakter. Ynienen is it rûnom selskippen dy’t, foar fermeits en beskaving, sjonge, tonielspylje of lêzingen foar elkoar hâlde. It Frysk spilet dêrby in grutte rol.

Brekizers fan de foarútgong jout in ynkringend byld fan ien fan dy selskippen, it lêsselskip Vriendenkring yn Boazum, dat winters gesellige jûnen hold mei lêzingen en foardrachten. Yn de rin fan de tiid sit der nochal wat feroaring yn. Net langer dominearje yn ‘e ferieningen de grutte boeren. De doarpslju, de ambachtslju en middenstanners wolle ek ynspraak ha. Hja foarmje in front tsjin alles wat it by it âlde litte wol: de ortodoksy, de tsjerkfâden en de ieuwenâlde macht fan de allesbehearskjende tsjerke.

Skriuwer: Philippus Breuker Isbn: 9789082576238 Tal siden: 314 Taal: Frysk Útjouwer: Utjouwerij Grotesk Utfiering: paperback Kategory , , , .