Bewarre - gedichten
Willem Abma
€20,00
Details
Bewarre is de lêste dichtbondel fan Willem Abma en it ferfolch op Ferbûn en sjoen: Mimeringen oer myn leauwe en libben (2018). Poëtyske bydragen wurde ôfwiksele troch proazagedichten. Se beskriuwe hoe’t de dichter him op lettere leeftyd ‘bewarre’ field hat.
Abma skreau yn 2024, inkele moannen foar syn ferstjerren: ‘Myn poëzij is bekentenisliteratuer. Earliker as yn dizze bondel kin ik it net sizze. Foar my is de sirkel rûn. Dit is myn lêste bondel.’
Willem Abma (Folsgeare, 1942 – Ljouwert, 2024) publisearre poëzij, proaza, toaniel en lietteksten fan de jierren sechtich ôf. Foar syn earste trije dichtbondels, ferskynd ûnder it pseudonym Daniël Daen, krige Abma yn 1973 de Gysbert Japicxpriis. Ien fan syn lêste grutte rigen lietteksten is Requiem ta Treast, op muzyk set troch Marcus Veenstra en útfierd by de presintaasje fan dizze bondel.