It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Bertekrêft - Diel 5 fan 'In Fryske Odyssee'

Willem Tjerkstra

18,95

Details

Bertekrêft is it fyfde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêr is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof yn opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwingen, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje en Mysterieuze krêften wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1979.

Yn it fyfde boek rint mei de komst fan in nije generaasje de line fan it geslacht Blomhof troch. De berte fan in soan ropt by de âlden emosjoneel in krêft op dy’t it libben feroaret. Dy bertekrêft komt ek nei foaren yn it libben fan de earste minskeftigen, de Neanderthalers en de Homo sapiens. Sûnder dy evolúsjonêre krêft hie der gjin ûntwikkeling west.

De ûntwikkeling fan it minskdom laat ta it ûntstean fan stammen en steaten. Sa wurde by wize fan sprekken ek steaten berne. De krêften dy’t dêr anneks mei binne, roppe meastal heftige emoasjes op. In foarbyld dêrfan is de skiednis fan Birma, it hjoeddeistige Myanmar.

Author : Willem Tjerkstra ISBN : 9789464241594 New label : 1 Pages : 307 Language : Frysk Publisher : Aspekt Format : paperback Kategory: , , , .