Bern de baas (5 boekjes)
Praat mar Toaniel!
€25,00
Details
Yn 1937 skreaun Henry Winterfeld (1901-1989) foar syn sike soan Thomas in ferhaal: Timpetill, die Stadt ohne Eltern. De bern fan Timpetill wienen sa ûndogensk en dwers dat de âlden en oare folwoeksen minsken har in leske leare woenen. Stikem naaiden se allegearre út. De stêd wie doe foar de bern: dêrnei fertelt Winterfeld wat der barde yn Timpetill doe’t de bern dêr de baas wienen.
In rige fan 6 toaniellêsboekjes foar de groepen 7 en 8 fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dyn gefoelens en gedachten bringst yn dyn eigen taal it bêste ta útdrukking. By Praat mar Toaniel! geane learlingen op in fleurige en ynspirearjende wize mei Frysktalige toanielteksten oan de slach. It lêzen en spyljen fan teaterstikken yn it Frysk set oan om mear Frysk te lêzen, te praten en mooglik ek te skriuwen.
Kombinaasjetip: By in tal fan de tolve útjeften fan de ‘Praat mar Toaniel!-rige binne nijsgjirrige Projekten foar it primêr ûnderwiis ûntwikkele. Do fynst dy Projekten yn de Fryske metoade ‘Spoar 8’.
Yn de metoade Searje 36, foar it fuortset ûnderwiis, stiet it projekt Praat mar Toaniel klear, dêr’t ek guon fan dizze boekjes by brûkt wurde kinne. Sjoch de metoade foar mear ynformaasje.
 Basisgrammatica Fries
 Basisgrammatica Fries heit en mem online hjerst-edysje (e-magazine)
 heit en mem online hjerst-edysje (e-magazine) Kaart: Wa't leaf is krijt letters (Sinteklaas)
 Kaart: Wa't leaf is krijt letters (Sinteklaas) Kaart: Súntsjes gean de hynstefuotsjes (Sinteklaas)
 Kaart: Súntsjes gean de hynstefuotsjes (Sinteklaas) Skiednis fan de Fryske Biweging
 Skiednis fan de Fryske Biweging


 
                     
                     
                    