Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Oanbieding!
Oanbieding

Andries Deinum - Fryslân revisited

Andries Deinum

Oorspronkelijke prijs was: €29,95.Huidige prijs is: €7,90.

Details

Andries Deinum (1918-1995), de soan fan in winkelbaas út Warkum, emigrearre yn 1938 nei Amearika. Yn Hollywood wurke er mei filmregisseurs as Joris Ivens, Alfred Hitchcock en John Ford en waard ferneamd as filmwittenskipper. Mar Fryslân bleau yn syn hert.
Doe’t er yn 1946 acht wike lang werom wie yn ‘e Súdwesthoeke makke er mei syn Rolleiflex-kamera prachtige foto’s fan Warkum, Hylpen en it omlizzende boerelân.

Yn twa ynliedingen jouwe histoarikus Geart de Vries en de Amerikaanske filmwittenskipper dr. Brooke Jacobsen in byld fan libben en wurk fan Andries Deinum. Dichter Tsjêbbe Hettinga makke foar dizze bysûndere útjefte tsien gedichten. Dêrby hat er him ynspirearje litten troch sawol de foto’s en brieven fan Andries Deinum as ek troch it lânskip fan de Súdwesthoeke.

Dizze útjefte is twatalich: Frysk en Ingelsk.

Relatearre produkten

Oanbieding
Oorspronkelijke prijs was: €29,50.Huidige prijs is: €12,50.