It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Allinne en yn koar - Alleen en in koor

Wilco Berga

15,00

Details

Njonken de byldzjende keunst en it skriuwen, spilet lûd in grutte rol yn it libben fan Wilco Berga. Net inkeld muzyk, mar ek lûd fan wetter, wyn, bisten en deade dingen, lykas it ritmysk dokkerjen fan treintsjillen, it klapperjen fan in doar. Lûden dy’t soms in bysûndere betsjutting krije yn jins libben.
Dan noch it lûd dat minsken sels meitsje, allinne of mei-elkoar. Guon lûden binne foar altyd ferbûn mei mominten yn it ferline, moaie en minder moaie. Dy kinne jin samar yn ‘e tiid werom sette. Sa ‘t it kreakjen fan in trep by dat iene hûs heart. It is it motto fan dizze bondel: Lûd sit myn yn ‘t bloed.

Ut de resinsje fan Wiebe Kaspers op skanomodu.nl:
– Yn ’e gedichten fyn ik hieltyd twa tematiken werom: mankelikens en iensumens, beide ferweve mei muzikale termen. Ik fyn it moai dat Berga dat yn ’e bondel trochset. Dêrtroch krij ik as lêzer antwurd op myn fraach hoe’t je in dichtbondel eins lêze moatte: ik haw it gefoel dat ik net wat samle gedichten sit te lêzen, mar in ferhaal lês. Dy tematyk en it muzikaal taalgebrûk komme dan ek op in wûndermoaie wize byinoar yn ’e titel fan de bondel: ‘Allinne en yn koar’.-

Foar de hiele resinsje sjoch op: http://www.skanomodu.nl/index.php/2015/as-in-fugel-der-trochhinne/