Kategoryen

No products in the cart.

Alle dagen Frysk - kalinder

Birte Buwalda

12,95

Details

Alle dagen Frysk – D.I.Y. kalinder

Dizze jierkalinder ferrast dy alle dagen mei in moai Frysk wurd, mei in oersetting yn it Nederlânsk en it Ingelsk.

De kalinder is maklik ynelkoar te sette en alle jierren op ‘e nij te brûken.

De yllustraasjes binne fan tolve ferskillende ûntwerpers, fotografen en yllustratoaren en is foarmjûn troch ynisjatyfnimmer Birte Buwalda.
Meiwurkers oan de kalinder: Chris Bakker, Brigitte van den Boogert, Birte Buwalda, Fredau Buwalda, John Hekert, Sandra Jongedijk, Tjitske Kamphuis, Anja Mulder, Dragan Thomas, Isa Veenstra, Mathilde van Wijnen, Renske Zijlstra

De kalinder is ferpakt yn in map (210x300x6 mm) mei in Japanske sluting.

De 21 stevige fellen dûbelsidich beprinte papier binne ferdield yn njoggen kaartsjes. It papier is perforearre sadat it maklik te skuorren is en ek de gatsjes binne foarperforearre.
Neidatst de kaartsjes losskuord hast en rûntsjes derút drukt kin it toutsje fan de Japanske sluting dertroch en…. klear (mei wat konfetti fergees derby).

It formaat is dan 70x100x47 mm.

—————

Sieta: “Wat ek handich en moai meartalich is, is it feit dat op de kaartsjes by alle Fryske wurden yn lytsere letters de oersetting fan it wurd te finen is yn it Nederlânsk en it Ingelsk. Dat makket dizze kalinder tagonklik en oantreklik foar in grut publyk: foar jong en âld, foar yn it (trijetalich) ûnderwiis, foar op ’e wurkflier, foar Friezen (om utens) en toeristen, om sels te keapjen of om kado te jaan.”  Lês de hiele resinsje fan Sieta oer dizze kalinder hjir op heitenmem.nl.

Thea: “De woorden zijn mooi, bijzonder en écht Frysk. Een feestje voor de Fries om útens. Een leuke toevoeging in een Fries gezin, waarbij je zo nu en dan echt verrast wordt door een fries woord dat je nog niet kent.” Lees hier de hele recensie van Thea over deze kalender op heitenmem.nl.