It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

FC Nostalgia

Romke Toering

24,50

Details

It like as moast Romke Toering yn sân hasten in punt achter it libben sette. En wat dogge jo dan mei de tiid dy’t der noch is? Romke pakte de pinne op en begûn te skriuwen dat it sta sei: koarte en langere ferhaaltsjes, gedichtsjes somtiden, in oade oan heit en mem, pakes en beppes, de bakker, de buorlju en al dy oaren dy’t meielkoar de mienskip foarmen yn syn bertedoarp Easterlittens.

In berneboek foar âlderen, mei in protte foto’s út in tiid dy’t west hast. Bylden yn wurden fongen. Werkenber foar minsken út de greidhoeke, mar ek fier dêrbûten.

‘Deis in pear oerkes omdolle yn in Greidhoekster ferline, as in punt achter it libben wie gjin straf. In emosjoneel Doel en Treast.’

Romke Toering (1947) wie akteur, regisseur, oersetter en skriuwer fan Fryske toanielstikken, û.o. by Tryater en it iepenloftspul fan Jorwert. Yn 1987 krige er de Obe Postmapriis foar syn oersettingen nei it Frysk fan toanielstikken foar Tryater út 1984-1986. Yn 2003 ûntfong er de Fedde en Martha Bergsmapriis foar Frysk toaniel foar it stik Baarderlân oer de delgong fan de feehannel dat letter ek as boek ferskynd is.


Pytrik: “Je priuwe as lêzer dat it it eigen byld is fan Toering, it binne syn harsenspinsels, syn ûnderfiningen, syn emoasjes. Dat makket it yntym, as sitte je yn it deiboek fan in oar te sneupen. As lêzer kin ik net alles begripe, mar al in soad ferhalen herkenne. Ik sjoch de jeugd fan myn âlders deryn, it buorkjen fan pake en beppe, de kultuer yn it doarp, de ferhalen oer de middenstân fan eartiids.’ Lês hjir de folsleine resinsje fan Pytrik.

 

Author : Romke Toering ISBN : 9789493318076 New label : 1 Pages : 192 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : Luxe paperback Kategory: , , , , , .