It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

1984

George Orwell

19,84

Details

‘Grutte Boer sjocht dy. ‘In nije wrâldoarloch hat it minskdom ferparte oer trije supersteaten: Oseanië, Eastazië en Eurazië. Winston Smith wurket yn de legere esjalons fan it ûnbidige amtnerapparaat dat nedich is om de Oseanyske befolking ûnder de tomme te hâlden. Ynlânske spionaazje, desynformaasje, steatsterreur, de eangst foar ferried – oant yn it echtlike bêd – en taal binne it ark fan it totalitêre rezjym, oanstjoerd troch de ‘Binnen-Partij’, mei oan it haad derfan: Grutte Broer.

Mar yn dy inketswarte maatskippij bloeit wat moais op. De leafde lit him net deltwinge, en jout hoop. Der gloart ljocht foar Winston. Kin er himsels, syn leafde, de wrâld rêde?

Hie George Orwell mei Animal Farm (1945) noch in tragikomyske fabel skreaun om it minskdom tsjin himsels te warskôgjen, mei syn 1984 (1949) helle er alle franje derôf. It soe de aartsfader fan de dystopyske roman wurde. Gjin boek lit sa ûnmeilydsum en ynkringend sjen wêr’t totalitêre rezjyms ta by steat binne om har iennige doel te berikken: macht om de macht. Orwells boadskip is hjoed-de-dei neat minder it lêzen wurdich as healweis de 20e iuw.

Author : George Orwell ISBN : 9789082985733 New label : 1 Pages : 270 Language : Frysk Publisher : Regaad Format : ynbûn Translator : Ammerins Moss-de Boer Illustrator : Sytse van der Zee Kategory: , , .