Kategoryen

Oer ús

De missy fan de Afûk: Mear mei it Frysk

By de Afûk giet alles oer taal, de Fryske taal yn it bysûnder. Al mear hast 100 jier jout de Fryske taal en kultuer ús besteansrjocht wêrby’t it ferskaat oan wurksumheden binnen de Afûk geandewei de jierren hieltyd grutter wurden is. Wy hawwe de winkel, de útjouwerij, de kursussen en de ûnderwiismetoaden, mar wy wurkje dêrnjonken ek oan in hiel soad wikseljende projekten en kampanjes yn binnen- en bûtenlân.

Afûk  – Op nei de 100

De Afûk is yn 1928 oprjochte yn in tiid dat der in rop wie om de Fryske taal te beskermjen en ek om derfoar te striden dat it Frysk in grutter plak yn de maatskippij krije soe, yn alle hoeken fan de mienskip. Sûnt dy tiid is der in soad feroare. It Frysk hat syn posysje krigen yn de Nederlânske en Europeeske wetten en regelingen: dat wie nedich en it helpt de taal foarút. Dêrom draait it no minder om de beskerming fan de taal sels, mar mear om wat minsken mei de taal dogge.

It Frysk is in libbene taal. Hjoed-de-dei brûke likernôch in heal miljoen minsken de taal alle dagen, binnen en bûten de provinsje Fryslân. Al dy minsken brûke it Frysk as memmetaal, om’t it foar harren de taal fan it hert is. Yn 2028 bestiet de Afûk 100 jier en yn ús beliedsplan litte wy sjen hoe’t wy by de Afûk de kommende fjouwer jier ynsette op wat der noch mear mei it Frysk kin.

De Afûk is in ANBI
De Afûk hat in ANBI-status (RSIN/ fiskaal nûmer ANBI 3304334). In ANBI is in Algemeen Nut Beogende Instelling. Op basis derfân kinne jo in skinking dwaan of in legaat neilitte oan ús organisaasje.Foar al gemiene ynformaasje dêroer ferwize wy jo graach nei www.belastingdienst.nl.