Kategoryen

No products in the cart.

Klanteservice

Bestelproseduere

Jo fine de produkten yn de kategoryen. Jo kinne se yn jo winkelkoer lizze. Sadree’t jo klear binne mei winkeljen, geane jo nei Ofrekkenje. Jo kinne fuort ôfrekkenje of in account oanmeitsje. Folje jo namme en adresgegevens yn, kies hoe’t jo betelje wolle en kontrolearje jo bestelling en adresgegevens. Klik op Bestelle om de bestelling troch te fieren. Ofhinklik fan hoe’t jo betelje wurde jo trochstjoerd nei de betelomjouwing. As de betelling klear is, krije jo in berjocht mei it bestelnûmer.


Ferstjoeren

Ferstjoers- en ferpakkingskosten
Foar alle bestellings binnen Nederlân dy’t troch de brievebus kinne betelje jo € 4,25 oan ferstjoers- en ferpakkingskosten. Foar alle bestellings binnen Nederlân dy’t net troch de brievebus kinne betelje jo € 8,50 oan ferstjoers- en ferpakkingskosten. Ferstjoers- en ferpakkingskosten bûten Nederlân binne € 10,- foar brievebuspakketsjes, by pakketten dy’t net troch de brievebus kinne jildt in taryf fan € 15,- binnen de EU en € 31,50 dêrbûten. Yn it beteloersjoch wurdt oanjûn wat de ferstjoers- en ferpakkingskosten per bestelling binne. De ferstjoers- en ferpakkingskosten binne ynklusyf BTW.

Levertiden
Oer it generaal wurde produkten binnen trije wurkdagen levere.

Besoarger
Wy litte ús produkten besoargje troch PostNL of FRL post.

Bestelling ôfhelje
Jo kinne de bestelling sels ophelje yn ús winkel yn Ljouwert. Sadree’t jo bestelling klearstiet, krije jo berjocht fan ús.


Wizen fan beteljen

Betelje mei iDEAL
Betelje jo bestelling mei iDEAL. Nei’t jo op de knop Bestelle drukt hawwe, wurde jo trochstjoerd nei de iDEALside. Sadree’t de betelling ferwurke is, ferstjoere wy de bestelling binnen trije wurkdagen.

Betelje mei Paypal
Betelje jo bestelling mei Paypal. Nei’t jo op de knop Bestelle drukt hawwe, wurde jo trochstjoerd nei de Paypalside. Sadree’t de betelling ferwurke is, ferstjoere wy de bestelling.

Betelje mei in VVV-bon
Klik by it ôfrekkenjen op ‘Cadeaukaarten’ en kies foar VVV-bon. Nei’t jo op de knop Bestelle drukt hawwe, wurde jo trochstjoerd nei in nij skerm dêr’t jo de koade fan jo VVV-bon ynfiere kinne. Sadree’t de betelling ferwurke is, ferstjoere wy de bestelling.

In transaksje mei in VVV-bon is limitearre ta €50. Dogge jo in betelling mei de VVV-bon foar in heger bedrach as €50, dan kinne jo it oerbliuwende bedrach betelje mei bygelyks iDeal of in oar betellingsmiddel.


Weromstjoere en annulearje

Annulearje
It annulearjen fan in bestelling is, salang’t dy noch net ferstjoerd is, fergees. Annulearje jo de bestelling, neidat jo dy krigen hawwe, dan moatte jo it pakket by it besoargjen wegerje. As de Afûk al in betelling fan jo krigen hat, dan sille wy de oankeapsom, nei it yn goede oarder ûntfangen fan wat jo weromstjoerd hawwe, weromstoarte. De ferstjoers- en ferpakkingskosten dy’t makke binne sille dêrop yn mindering brocht wurde (allinnich as jo de bestelling oan de doar wegerje en sûnder te iepenjen wer meinimme litte troch de besoarger).

Weromstjoere
Wolle jo de folsleine bestelling weromstjoere? Artikels dy’t jo al yn ûntfangst nommen hawwe moatte jo weromstjoere nei ûndersteand retoeradres. De Afûk sil de hiele oankeapsom, ynklusyf de berekkene ferstjoers- en ferpakkingskosten, oan jo weromstoarte. De kosten foar it weromstjoeren binne foar jo rekken.

By it weromstjoeren fan in part fan jo bestelling binne de ferstjoers- en ferpakkingskosten ek foar jo rekken. De oankeapsom fan it part fan de bestelling dat jo weromstjoerd hawwe sil weromstoart wurde. Ferstjoers- en ferpakkingskosten wurde yn dat gefal net restituearre.

Alle annulearrings en alle produkten dy’t ruile en weromstjoerd wurde moatte skriftlik oan de Afûk trochjûn wurde. Brûk dêr ús retoerformulier foar of stjoer ús in e-mail. Wy fersykje jo om dêrby yn alle gefallen jo folsleine namme troch te jaan, it bestelnûmer en de artikels dy’t jo annulearje, ruilje of weromstjoere wolle. Om ús klanteservice te ferbetterjen stelle wy it op priis as jo de reden derfan ek neame wolle. Jo binne dêr út soarte konform de wet Koop op afstand net ta ferplichte.

Foar it werombeteljen fan bedraggen dy’t al betelle binne (by foarútbeteljen) hawwe wy ek jo bankrekkennûmer nedich.

Tink derom: it rekkennûmer dat jo opjouwe foar it werombeteljen moat itselde nûmer wêze as it rekkennûmer dêr’t jo de betelling oan de Afûk mei dien hawwe, soks yn ferbân mei eventuele fraude mei werombetellings. Bedraggen dy’t eventueel al betelle binne wurde binnen op syn heechst fjirtjin dagen nei de retoermelding oan jo werombetelle.

Retoeradres
Afûk
Bûterhoeke 3
8911 DH Ljouwert/Leeuwarden


Klachteofhanneling

As jo in klacht hawwe oer ien fan ús produkten, dan kinne jo in e-mail stjoere nei ynfo@afuk.nl. Set dêr jo persoansgegevens yn, de datum fan de bestelling, it bestelnûmer en de aard fan jo klacht. Jo kinne binnen twa wurkdagen in reaksje fan ús ferwachtsje. It seit himsels dat wy ús bêst dwaan sille om jo klacht nei tefredenheid op te lossen.