It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Algemiene betingsten

Kêst 1 – Definysjes

Yn dizze betingsten wurdt ferstien ûnder:

  1. Undernimmer: de natuerlike of rjochtspersoan dy’t produkten en/of tsjinsten op ôfstân oan konsuminten oanbiedt;
  2. Konsumint: de natuerlike persoan dy’t net hannelet yn de útoefening fan in berop of bedriuw en in oerienkomst op ôfstân slút mei de ûndernimmer;
  3. Oerienkomst op ôfstân: in oerienkomst wêrby’t yn it ramt fan in troch de ûndernimmer organisearre systeem foar ferkeap op ôfstân fan produkten en/of tsjinsten oant en mei it sluten fan de oerienkomst inkeld en allinnich gebrûk makke wurdt fan ien of mear techniken foar kommunikaasje op ôfstân;
  4. Technyk foar kommunikaasje op ôfstân: middel dat brûkt wurde kin foar it sluten fan in oerienkomst, sûnder dat konsumint en ûndernimmer tagelyk yn deselde romte byinoar binne;
  5. Betinktiid: de termyn wêrbinnen oft de konsumint gebrûk meitsje kin fan syn werroppingsrjocht;
  6. Werroppingsrjocht: de mooglikheid foar de konsumint om binnen de betinktiid ôf te sjen fan de oerienkomst op ôfstân;
  7. Dei: kalinderdei;
  8. Doertransaksje: in oerienkomst op ôfstân oangeande in rige produkten en/of tsjinsten, wêrfan’t de leverings- en/of ôfnameferplichting oer in bepaalde tiid útspraat is;
  9. Duorsume gegevensdrager: elk middel dat de konsumint of ûndernimmer yn steat stelt om ynformaasje dy’t persoanlik oan him rjochte is, op te slaan op in wize dy’t takomstich rieplachtsjen en net-wizige reproduksje fan de opsleine ynformaasje mooglik makket.

 

Kêst 2 – Identiteit fan de ûndernimmer

Afûk
Bûterhoeke 3
8911 DH Ljouwert

Telefoan: (058) 234 30 70
E-mailadres: ynfo@afuk.nl

KvK-nûmer: 41000904
BTW-identifikaasjenûmer: 0033.04.334.B.01.1279

 

Kêst 3 – Tapaslikens

  1. Dizze algemiene betingsten binne fan tapassing op elk oanbod fan de ûndernimmer en op elke oerienkomst op ôfstân dy’t ta stân kommen is tusken ûndernimmer en konsumint.
  2. Foardat de oerienkomst op ôfstân sletten wurdt, wurdt de tekst fan dizze algemiene betingsten oan de konsumint foarlein. As dat ridlikerwize net mooglik is, sil, foardat de oerienkomst op ôfstân sletten wurdt, oanjûn wurde dat de algemiene betingsten by de ûndernimmer ynsjoen wurde kinne en op fersyk fan de konsumint sa gau as mooglik en sûnder kosten tastjoerd wurde kinne.
  3. As de oerienkomst op ôfstân elektroanysk sletten wurdt, kin, yn ôfwiking fan it foarige lid en foardat de oerienkomst op ôfstân sletten wurdt, de tekst fan dizze algemiene betingsten fia de elektroanyske wei oan de konsumint foarlein wurde op in sadanige wize dat de algemiene betingsten troch de konsumint op in ienfâldige manier opslein wurde kinne op in duorsume gegevensdrager. As dat ridlikerwize net mooglik is, sil, foardat de oerienkomst op ôfstân sletten wurdt, oanjûn wurde wêr’t de algemiene betingsten fia de elektroanyske wei lêzen wurde kinne en sil ek oanjûn wurde dat se op fersyk fan de konsumint fia de elektroanyske wei of op in oare wize en sûnder kosten tastjoerd wurde sille.
  4. Foar it gefal dat neist dizze algemiene betingsten ek noch spesifike produkt- of tsjinstbetingsten fan tapassing binne, binne it twadde en tredde lid oerienkomstich fan tapassing en kin de konsumint him yn gefal fan tsjinstridige algemiene betingsten hieltyd beroppe op de tapaslike bepaling dy’t foar him it geunstichst is.

 

Kêst 4 – It oanbod

  1. As in oanbod beheind jildich is of as der betingsten oan fêstsitte, dan wurdt dat dúdlik yn it oanbod neamd.
  2. It oanbod jout in folsleine en sekuere omskriuwing fan de produkten en/of tsjinsten dy’t oanbean wurde. De beskriuwing is genôch detaillearre om in goede beoardieling fan it oanbod troch de konsumint mooglik te meitsjen. As de ûndernimmer gebrûk makket fan ôfbyldings, dan is dat in sekuere werjefte fan de produkten en/of tsjinsten dy’t oanbean wurde. Dúdlike fersinnen of flaters yn it oanbod bine de ûndernimmer lykwols net.
  3. Elk oanbod jout sadanige ynformaasje, dat it foar de konsumint dúdlik is wat de rjochten en ferplichtings binne dy’t oan it oannimmen fan it oanbod ferbûn binne. Dat slacht yn it bysûnder op:
      • de priis ynklusyf belesting;
      • de eventuele kosten fan ôflevering;
      • hoe’t de oerienkomst ta stân komme sil en watfoar hannelings dêrfoar nedich binne;
      • it al of net fan tapassing wêzen fan it werroppingsrjocht;
      • de wize fan beteljen, ôflevering of útfiering fan de oerienkomst;
      • de termyn foar it oannimmen fan it oanbod of de termyn foar it neikommen fan de priis;
      • de hichte fan it taryf foar kommunikaasje op ôfstân as de kosten fan it gebrûk fan de technyk foar kommunikaasje op ôfstân berekkene wurde op in oare grûnslach as it basistaryf;
      • hoe’t de konsumint de oerienkomst as dy nei it ta stân kommen argivearre wurdt, rieplachtsje kin;
      • hoe’t de konsumint foar it sluten fan de oerienkomst op ’e hichte komme kin fan net-winsklike hannelingen en fan hoe’t er dy weromdraaie kin foardat de oerienkomst ta stân komt;
      • de eventuele talen dêr’t, njonken it Nederlânsk, de oerienkomst yn sletten wurde kin;
      • de gedrachskoades dêr’t de ûndernimmer him oan ûnderwurpen hat en hoe’t de konsumint dy gedrachskoades fia de elektroanyske wei rieplachtsje kin; en
      • de minimale doer fan de oerienkomst op ôfstân yn it gefal fan in oerienkomst mei it each op in trochgeande of periodike ôflevering fan produkten of tsjinsten.

 

Kêst 5 – De oerienkomst

  1. De oerienkomst komt, ûnder foarbehâld fan it bepaalde yn lid 4, ta stân op it momint dat de konsumint it oanbod oannimt en foldocht oan de betingsten dy’t dêrby steld wurde.
  2. As de konsumint it oanbod fia de elektroanyske wei oannommen hat, befêstiget de ûndernimmer fuortdaliks fia de elektroanyske wei de ûntfangst fan it oannimmen fan it it oanbod. Salang’t dy ûntfangst net befêstige is, kin de konsumint de oerienkomst ûntbine.
  3. As de oerienkomst elektroanysk ta stân komt, nimt de ûndernimmer passende technyske en organisatoaryske maatregels om de elektroanyske oerdracht fan data te befeiligjen en soarget er foar in feilige webomjouwing. As de konsumint elektroanysk betelje kin, sil de ûndernimmer dêrta passende feilichheidsmaatregels yn acht nimme.
  4. De ûndernimmer kin him – binnen wetlike kaders – derfan op ’e hichte stelle oft de konsumint oan syn betellingsferplichtings foldwaan kin, en fan alle feiten en faktoaren dy’t fan belang binne foar in ferantwurde oangean fan de oerienkomst op ôfstân. As de ûndernimmer op grûn fan dat ûndersyk goede redenen hat om de oerienkomst net oan te gean, hat er it rjocht om mei ûnderbouwing in bestelling of oanfraach te wegerjen of oan de útfiering bysûndere betingsten te ferbinen.
  5. De ûndernimmer sil mei it produkt of tsjinst oan de konsumint de neikommende ynformaasje meistjoere, skriftlik of op in sadanige wize dat dy troch de konsumint op in tagonklike manier opslein wurde kin op in duorsume gegevensdrager:
      • it besykadres fan de fêstiging fan de ûndernimmer dêr’t de konsumint mei klachten terjochte kin;
      • de betingsten wêrûnder en hoe’t de konsumint fan it werroppingsrjocht gebrûk meitsje kin of in dúdlike melding yn ferbân mei it útsletten wêzen fan it werroppingsrjocht;
      • ynformaasje oer de besteande service nei oankeap en oer garânsjes;
      • de yn kêst 4 lid 3 fan dizze betingsten opnommen gegevens, of it moat wêze dat de ûndernimmer dy gegevens al oan de konsumint jûn hat fóár it útfieren fan de oerienkomst;
      • de easken yn ferbân mei it opsizzen fan de oerienkomst as de oerienkomst mear as ien jier duorret of in ûnbepaalde tiid duorret.
  1. As de ûndernimmer him ferplichte hat ta it leverjen fan in rige produkten of tsjinsten, is de bepaling yn it foarige lid allinnich fan tapassing op de earste levering.

 

Kêst 6a – Werroppingsrjocht by levering fan produkten

  1. By it oankeapjen fan produkten hat de konsumint de mooglikheid om de oerienkomst sân wurkdagen lang sûnder opjefte fan reden te ûntbinen. Dy termyn giet yn op de dei nei ûntfangst fan it produkt troch of út namme fan de konsumint.
  2. Binnen dy termyn sil de konsumint sekuer omgean mei it produkt en de ferpakking. Hy sil it produkt inkeld sa útpakke of brûke foarsafier’t dat nedich is om beoardielje te kinnen oft er it produkt hâlde wol. As er fan syn werroppingsrjocht gebrûk makket, sil er it produkt mei alle tabehearren dy’t derby levere binne en – as dat ridlikerwize mooglik is – yn de orizjinele steat en ferpakking nei de ûndernimmer weromstjoere, konform de ridlike en dúdlike ynstruksjes troch de ûndernimmer.

 

Kêst 6b – Werroppingsrjocht by levering fan tsjinsten

  1. By levering fan tsjinsten hat de konsumint de mooglikheid om de oerienkomst sân wurkdagen lang sûnder opjefte fan reden te ûntbinen, yngeande op de dei dat de oerienkomst oangien is.
  2. Om gebrûk te meitsjen fan syn werroppingsrjocht sil de konsumint him hâlde oan de ridlike en dúdlike ynstruksjes dy’t er fan de ûndernimmer by it oanbod en/of uterlik by it leverjen fan de tsjinsten krigen hat.

 

Kêst 7 – Kosten yn gefal fan werropping

  1. As de konsumint gebrûk makket fan syn werroppingsrjocht, komme allinnich de kosten fan it weromstjoeren foar syn rekken.
  2. As de konsumint al in bedrach betelle hat, sil de ûndernimmer dat bedrach sa gau mooglik, mar wol uterlik binnen tritich dagen nei it weromstjoeren of it werroppen, werombetelje.

 

Kêst 8 – Utsluting werroppingsrjocht

  1. As de konsumint gjin werroppingsrjocht hat, kin dat troch de ûndernimmer allinnich útsletten wurde as er dat yn it oanbod, alteast yntiids foar it sluten fan de oerienkomst, dúdlik oanjûn hat.
  2. Utsluting fan it werroppingsrjocht is allinnich mooglik by produkten:
      • dy’t troch de ûndernimmer ta stân brocht binne neffens spesifikaasjes fan de konsumint;
      • dy’t dúdlik persoanlik fan aard binne;
      • dy’t fanwege harren aard net weromstjoerd wurde kinne;
      • dy’t gau ferâlderje kinne;
      • wêrfan’t de priis bûn is oan skommelings op de finansjele merk dêr’t de ûndernimmer gjin ynfloed op hat;
      • wêrfan’t mei de levering mei útdruklike ynstimming fan de konsumint úteinset is foardat de betinktiid om wie;
  1. Utsluting fan it werroppingsrjocht is allinnich mooglik by tsjinsten:
      • yn ferbân mei sliepplak, ferfier, restaurantbedriuw of frijetiidsbesteging te dwaan op in bepaalde dei of yn in bepaalde perioade;
      • wêrfan’t mei de levering mei útdruklike ynstimming fan de konsumint úteinset is foardat de betinktiid om wie;
      • yn ferbân mei weddenskippen en lotterijen.

 

Kêst 9 – De priis

  1. Salang’t de jildichheid dy’t yn it oanbod neamd wurdt fan krêft is wurde de prizen fan de produkten en/of tsjinsten dy’t oanbean wurde net ferhege, útsein priiswizigings fanwege feroarings yn de BTW-tariven.
  2. Yn ôfwiking fan it foarige lid kin de ûndernimmer produkten of tsjinsten wêrfan’t de prizen bûn binne oan skommelings op de finansjele merk en dêr’t de ûndernimmer gjin ynfloed op hat, mei fariabele prizen oanbiede. Dat bûn-wêzen oan skommelings en it feit dat prizen dy’t mooglik neamd binne rjochtprizen binne, wurde by it oanbod oanjûn.
  3. Priisferhegings binnen trije moanne nei it ta stân kommen fan de oerienkomst binne allinnich tastien as se it gefolch binne fan wetlike regelings of bepalings.
  4. Priisferhegings nei trije moanne nei it ta stân kommen fan de oerienkomst binne allinnich tastien as de ûndernimmer dat betongen hat en:
      • dy it gefolch binne fan wetlike regelings of bepalings;
      • of as de konsumint it foech hat om de oerienkomst op te sizzen tsjin de dei dat de priisferheging yngiet.
  1. De prizen dy’t yn it oanbod fan produkten of tsjinsten neamd wurde binne ynklusyf BTW.

 

Kêst 10 – Konformiteit en garânsje

  1. De ûndernimmer stiet derfoar yn dat de produkten en/of tsjinsten foldogge oan de oerienkomst, oan de spesifikaasjes dy’t yn it oanbod neamd wurde, oan de ridlike easken fan deugdlikens en/of brûkberens en oan de op de dei fan it ta stân kommen fan de oerienkomst besteande wetlike bepalings en/of oerheidsfoarskriften.
  2. In regeling dy’t troch de ûndernimmer, fabrikant of ymporteur as garânsje oanbean wurdt docht neat ôf oan de rjochten en foarderings dy’t de konsumint yn it gefal fan in tekoartkomming yn it neikommen fan de ferplichtings fan de ûndernimmer tsjinoer de ûndernimmer jilde litte kin op grûn fan de wet en/of de oerienkomst op ôfstân.

 

Kêst 11 – Levering en útfiering

  1. De ûndernimmer sil de grutst mooglike soarchfâldigens yn acht nimme by it yn ûntfangst nimmen en útfieren fan bestellings fan produkten en by it beoardieljen fan oanfragen foar it ferlienen fan tsjinsten.
  2. As plak fan levering jildt it adres dat de konsumint oan it bedriuw trochjûn hat.
  3. Mei yn acht nimmen fan wat dêroer yn kêst 4 fan dizze algemiene betingsten sein is, sil it bedriuw akseptearre bestellings mei faasje, mar uterlik binnen tritich dagen, de doar út dwaan, of der moat in langere leveringstermyn ôfpraat wêze. As it besoargjen fertraging oprint of as in bestelling net of mar foar in part dien wurde kin, kriget de konsumint dêr uterlik ien moanne neidat er de bestelling dien hat berjocht fan. De konsumint hat yn dat gefal it rjocht om de oerienkomst sûnder kosten te ûntbinen en hy hat rjocht op eventuele skeafergoeding.
  4. Yn gefal fan ûntbining konform it foarige lid sil de ûndernimmer it bedrach dat de konsumint betelle hat sa gau mooglik, mar uterlik binnen tritich dagen nei ûntbining, werombetelje.
  5. As bliken docht dat levering fan in besteld produkt net mooglik is, sil de ûndernimmer him ynspanne om in ferfangend artikel oan te bieden. Uterlik by de besoarging sil op dúdlike en begryplike wize sein wurde dat in ferfangend artikel levere wurdt. By ferfangende artikels kin it werroppingsrjocht net útsletten wurde. De kosten fan it weromstjoeren binne foar rekken fan de ûndernimmer.
  6. It risiko op skansearring fan produkten en/of produkten dy’t misse leit, oant se by de konsumint besoarge binne, by de ûndernimmer, of it moat wêze dat útdruklik wat oars oerienkommen is.

 

Kêst 12 – Doertransaksjes

  1. De konsumint kin in oerienkomst dy’t foar ûnbepaalde tiid oangien is altyd opsizze mei yn acht nimmen fan dêrta oerienkommen opsizzingsregels en in opsistermyn fan op syn heechst ien moanne.
  2. In oerienkomst dy’t foar in bepaalde tiid oangien is rint op syn heechst twa jier. As oerienkommen is dat by stilswijen fan de konsumint de oerienkomst op ôfstân ferlinge wurde sil, sil de oerienkomst fuortset wurde as in oerienkomst foar ûnbepaalde tiid en sil de opsistermyn nei it fuortsetten fan de oerienkomst net mear as ien moanne bedrage.

 

Kêst 13 – Beteljen

  1. Foarsafier’t net letter oerienkommen is moatte de bedraggen dy’t de konsumint ferskuldige is betelle wurde binnen fjirtjin dagen nei it besoargjen fan it produkt/de produkten of yn it gefal fan in oerienkomst ta it jaan fan in tsjinst, binnen fjirtjin dagen nei it ôfjaan fan de stikken yn ferbân mei de oerienkomst.
  2. By it ferkeapjen fan produkten oan konsuminten mei yn de algemiene betingsten noait in foarútbetelling fan mear as 50% betongen wurde. Wannear’t foarútbetelling betongen is, kin de konsumint gjin inkeld rjocht jilde litte oangeande it útfieren fan de oanbelangjende bestelling of tsjinst(en), foardat de foarútbetelling dy’t betongen is dien is.
  3. De konsumint is ferplichte om ûnkrektheden yn ’e betelgegevens dy’t er ôfjûn of oanjûn hat fuortdaliks oan de ûndernimmer troch te jaan.
  4. Yn gefal fan wanbetelling troch de konsumint mei de ûndernimmer, útsein wetlike beheinings, de ridlike kosten dy’t foarôf oan de konsumint trochjûn binne yn rekken bringe.

 

Kêst 14 – Klachteregeling

  1. De ûndernimmer hat in klachteproseduere dy’t sa goed as nedich is bekend makke is en behannelet de klacht dêrneffens.
  2. Klachten oer de útfiering fan de oerienkomst moatte binnen de krekte tiid, folslein en dúdlik omskreaun yntsjinne wurde by de ûndernimmer, neidat de konsumint de mankeminten konstatearre hat.
  3. Klachten dy’t by de ûndernimmer yntsjinne binne wurde binnen fjirtjin dagen, rekkene fan de datum fan ûntfangst ôf, beäntwurde. As in klacht in langere ferwurkingstiid freget dy’t te foarsjen is, reagearret de ûndernimmer binnen dyselde fjirtjin dagen mei in berjocht fan ûntfangst en in yndikaasje fan wannear’t de konsumint in wiidweidiger antwurd ferwachtsje kin.

 

Kêst 15 – Oanfoljende of ôfwikende bepalings

Oanfoljende bepalings of bepalings dy’t fan dizze algemiene betingsten ôfwike meie net yn it neidiel wêze fan de konsumint en moatte skriftlik fêstlein wurde of op sa’n wize dat se troch de konsumint op in tagonklike manier opslein wurde kinne op in duorsume gegevensdrager.