De oerwinning fan Bjinse Houtsma
Anne Wadman
€17,50
Details
Hindrik Visser is in artistike doarps-haadûnderwizer en dirigint fan de pleatslike sjongferiening. Hy rekket hielendal yn de besnijing fan de jonge Lutske Westra, rike boeredochter, ‘in frou mei in Mercedes en in ferline’. Hindrik fynt in konkurrint op syn paad, de populêre ekspediteur en amateurtoanielspylder Bjinse Houtsma, in frije fûgel krekt as Lutske. It ferhaal ûntwikkelt him nei in dramatyske klimaks.
Dizze roman is fan 1962. Wadman sette it boek oer yn it Hollânsk en bewurke it tagelyk ek. De oersetting ferskynde yn 1965, yn it sok fan it sukses fan De smeerlappen. Yn de omstavere en wersjoene útjefte fan 1984 bleau it plot gelyk, mar op detailnivo waard de tekst op hiel wat plakken eksplisiter makke. Dizze tredde printinge is gelyk oan de twadde.