Sitebuorren myn eigen paradys - oantinkens
Auck Peanstra
€17,90
Details
Boppe wetter kommen brieven fan har mem binne foar Auck Peanstra oanlieding om de oantinkens oan it plak fan har jeugd op te skriuwen. Dy brieven jouwe in byld fan it erflik wrotten en wramen fan de boer en de noed om fee en bedriuw. Fan dy noeden hat lytse Auck net witten, foar har wie it libben ien grut feest.
Dochs hat it gefoel fan bûtensteander wêzen myn jeugd net knoeid, ik hie Sitebuorren, myn eigen paradys. In wrâld dêr’t ik my ûntjaan koe. Romte, frijheid en feiligens: in rykdom dy’t foar gjin jild te keap is.