It hert op 'e tonge - Ferhalen
Giny Bastiaans Yedema
€18,00
Details
Yn It hert op ‘e tonge komme minsken oan it wurd dy’t fertelle wat se op it hert hawwe. Somtiden mei in soad wurden, dan wer koart om ‘e hoeke, meastentiids fleurich, mar ek wol fertrietlik. Froulju, manlju, âlde minsken, jonges, famkes, lytse bern, allegear mei it hert op ‘e tonge. Earlik, ûndogensk, wolris wat brimstich, gauris mei humor.
Giny Bastiaans Yedema komt se rûnom tsjin, gewoane minsken, op it natuerpaad, yn ‘e trein, yn ‘e stêd. Elk mins hat syn of har eigen bysûnder ferhaal. En fertelt it op eigen wize. In ferhaal dat jin somtiden by it hert krijt, jin dan wer glimkje lit.
Yn it boek stean dêrnêst – ek mei it hert op ‘e tonge – in stikmannich persoanlike ferhalen en guon oer ‘Wrâld en polityk’ en ‘It Frysk’.
Giny Bastiaans Yedema (1945) is berne yn Boalsert. Se skreau û.o. ferhalen foar sammelbondels. Se brocht it boek Hookstrooks trije hollen mear út mei nije mearkes. Skreau teksten foar Tryater, Iepenloftspullen, Skoalradio en Televyzje, en lieten foar koaren en troebadoers.
Sûnt in tal jierren stean har kollums en ferhalen op de webside fan it tydskrift Ensafh. Dy binne no foar in part bondele yn dit boek. Guon oare ferhalen wienen earder te lêzen yn de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad.
