Doch in boek kado! Brûk de koartingskoade 'DiBKSINT26' en betelje gjin ferstjoerskosten! (binnen NL)
Kategorien

Geen producten in de winkelwagen.

Nij

Ofwiisd yn 'e hel - Gedichten

Tomas Dalgaard

€17,50

Details

De Deenske dichter Tomas Dalgaard (Århus, 1965) is in linkse anargist, in frijtinker. Syn sosjale krityk ferpakt er yn satiryske frije fersen. Hy dichtet oer syn eigen libben en oer de wrâld dy’t dat libben foar him krëearret – beide, wrâld en libben, mei er betiden mar min lije. Dat blykt in fruchtber spanningsfjild. De gedichten binne oandwaanlik, sa no en dan ek oangripend. Troch syn each foar it absurde sitte se likegoed fol mei humor, wiisheid en healwizens.

Dalgaard debutearre yn 2013 mei de dichtbondel Rettidig Ømhed (Yntiidse tearens)en yn 2018 folge de bondel Den Fuldendte Fusker (De folmakke ferlakker). Yn Fryslân waard wurk fan him publisearre yn de Frysk/Deenske blomlêzing Oar Hûs/Et Andet Hus en yn it tiidskrift Ensafh.

Foar in part komme de oersettingen yn dizze bondel út syn twa eardere bondels, mar it giet benammen om noch net earder útjûn nij wurk.

Skriuwer: Tomas Dalgaard ISBN: 9789074516747 Nij: 1 Oantal siden: 58 Taal: Frysk Utjouwer: Hispel Utfiering: Softcover Fertaler: Martsje de Jong en Geart Tigchelaar Kategory , , .

Relatearre produkten