Adam en syn tuba
Žiga X. Gombač en Maja Kastelic
€16,99
Details
Adam komt net út in gewoane famylje. Pake Andrys kin gefaarlike dingen mei swurden, beppe Antonia blaast plommen fan fjoer en syn heit en mem dûnsje heech yn ’e tinte oer in koard. Oare famyljeleden jonglearje of meitsje spektakulêre minsklike pyramides. Adam fynt neat oan sokke dingen en de famylje makket har soargen. Wat ha se ferkeard dien? Mar dan seit ien: ‘Wat as wy Adam ris freegje wat hy it leafst docht?’ En dan wurdt alles oars. Wêr komt dochs dy moaie muzyk wei? Soe dat Adam wêze kinne?
In poetysk boek fan Žiga X. Gombač en Maja Kastelic oer it finen fan in eigen paad.
Bettine: “De bern wiene sljocht op it ferhaal, wy ha it ferhaal lêzen en derneist de ferskate artysten fan it sirkus útljochte en besprutsen.” Lês hjir Bettine har folsleine resinsje.
Jeltje: “It boek hat twa efterlizzende boadskippen: do hoechst net altyd te dwaan wat in oar wol; do moast dwaan wa’st sels leuk fynst. En je moatte net alles foar in oar ynfulle; je moatte earst goed nei inoar lústerje.” Lês hjir Jeltje har folsleine resinsje.

