Brieven oan Lucilius - in blomlêzing
Seneca
€20,00
Details
Brieven oan Lucilius (Latyn: Epistulae Morales ad Lucilium) binne de brieven dy’t de Romeinske filosoof Lucius Annaeus Seneca oan ‘e ein fan syn libben skreau oan syn freon Lucilius. Yn de brieven wurde Seneca’s tinkbylden beljochte oan ‘e hân fan konkrete ûnderwerpen as slaverij, it stânhâlden middenmank ferliedingen, it omgean mei pine en tsjinslaggen, de tarieding op de dea. Mar hy stiet iepen foar opfettingen fan oare filosofen; sa sitearret er foaral yn de earste brieven gauris Epicurus.
Dêrnjonken komme ek allegear saken út it deistich libben yn Rome oan ‘e oarder, de dekadinsje fan de riken, de wrede spullen, it strjitrumoer, syn lânhûs, ensfh. It wurd morales út de Latynske titel slacht derop dat dizze brieven fol steane mei morele riejouwing oer hoe te libjen.
Fryske oersetting is fan Atze J. Keulen.
