Miniskule bjirkenbroekbosken
Bauke Terpstra
€20,00
Details
Poëzy foar nachtreizigers swalkers ienlingen omtigers bannelingen nuverlingen frjemden fantasten dreamers dwerslizzers oarstinkers wetteleazen revolusjonêren de âld Germaan en foar dy.
Bauke Terpstra sjocht it ljocht yn 1970 te Koatstertille. Hy groeit op yn ‘e Wâlden tusken beamwâlen, it kanaal, de mieden mei syn petgatten, autoslopers en de swiere yndustry dy’t minsken fan fier bringt. In kontrastryk bernelibben dat Terpstra graach brûkt as ynspiraasjeboarne om mei ‘werklikheid’ te boartsjen. Mar wa syn werklikheid? En is ‘t altyd serieus? Of hat er de gek dêr mei?
Mei’t er it lûd fan Tsjêbbe Hettinga heart, pakt er pinne en papier en wurdt it dichtershert iepene. Hy brûkt dichtsjen foaral as keunstfoarm om it eigen tinken ûnderút te heljen. Kidelet himsels en de lêzer – freget: moat alles in doel tsjinje, wat is de noarm, wa bepaalt soks? Wat kin oars?
