It burd fan Fidel Castro - ferhalen
Eppie Dam
€15,00
Details
Nei ferskate dichtbondels en ferhalebondels út 1978 en 1982 is dit de tredde ferhalebondel fan Eppie Dam, mei ferhalen dy’t tusken 1980 en 1986 publisearre binne yn literêre tydskriften as Trotwaer en Hjir. It skaaimerk fan Dams ferhalen is it spul mei werklikheid en fiksje.
By Dam kin in fuotballer nei in doelpunt fan bliidskip it stadion útrinne om thús te fertellen dat er skoard hat en gewoan wer yn de wedstriid weromkomme. Wy krije efkes yn’e hel dêr’t twa Fjetnam-piloaten oan besykje te ûntkommen. Absurd? Nee, yn de ferhalen fan Dam net; dêr giet it ûnder oare oer it doel fan it skriuwen. Miskien wol, lykas yn it titelferhaal sein wurdt, omdat men oan ien libben net genôch hat en de literêre werklikheid boeiender is as de ‘echte’ werklikheid. Inkeldris is Dam wat flau (yn it ferhaal oer in bjusterbaarlik skoalkrantstik dat net skreaun is), mar folle faker skriuwt er spannend en humoristysk en tige lêsber.