Bern op 'e romte
Klaas Ybema
€17,50
Details
In fiere pleats midden op ‘e romte tusken Wytmarsum en Boalsert yn ‘e sechstiger jierren. ‘Pankoeken’ hjit it dêr. Hoe wie it om dêr as bern op te groeien fier fan de buorren en oare bern, earst sûnder stroom en wetterlieding, mar midden tusken de greidefûgels?
Yn 45 ferhalen fertelt Klaas Ybema (1955, âld ierdrykskundelearaar en waarman te Warkum) hoe’t it libben him dêr doe ôfspile. Fêst tige werkenber foar alle minsken dy’t yn deselde tiid en yn ferlykbere omstannichheden grut wurden binne. Foar oaren dy’t letter of ûnder oare omstannichheden opgroeiden giet in aparte wrâld iepen.