Sirkelgong de see - reisferhalen
Jaap de Jong
€19,50
Details
Sirkelgong de see, in bondel reisferhalen fan Jaap de Jong. De skriuwer is seekapitein en wend om op syn reizen goed om him hinne te sjen.
Yn dizze ferhalen siket er hieltyd om it gruttere ferbân achter syn aventoeren. De rêding fan boatflechtelingen is ek it ferhaal fan de kolonisaasje, in oanfarring yn de East-Sineeske See is ek in ferhaal oer de opkomst fan Sina. De ûntwikkelingsproblematyk en klimaatferoaring komme yn byld as er in sleepboat ôfleveret yn Beira. Tichterby hûs makket er in spirituele syktocht lâns de seedyk dy’t yn Harns begjint en yn Hantum einiget, en dy’t de fraach by him opkommen docht: ‘wat is hjir eins eigen en wat is frjemd?’ Yn it ferhaal To sea or not to sea ferbynt er syn earste seereizen mei beskôgings oer it seemanskip. It lêste ferhaal fan de bondel, oer de Suderpier in Harns, makket de sirkelgong rûn.
Jaap de Jong waard berne yn 1953 te Balk, dêr’t de Sleattemermar it earste wide wetter wie dat er seach. Hy helle yn 1976 syn skipfeartdiploma foar stjoerman op de fiere seefiskerij yn Urk. Letter bedarre er op coasters. Sûnt 1997 fart er as kapitein op in ferskaat oan lytse seeskippen foar in Nederlânske werf dy’t oeral op de wrâld skippen bout.
Oer de see en seehavens publisearre er al earder in tal boeken. Yn de jierren santich en tachtich publisearre er ek trije dichtbondels.