Kategoryen

No products in the cart.

In bolle yn 'e reak

Anne Wadman

16,95

Details

Plak fan hanneling: it Fryske greiddoarp Flokswert yn ’e jierren justjes foar, tidens en krekt nei de Twadde Wrâldoarloch. Haadpersonaazjes: Bouke Martensma, in handikapte skriuwer, Minke Wiuwerda, eigensinnige dochter fan in slachter-lânferrieder en doarpsdokter Jos Degreve, op wa’t de titel betrekking hat. Dy trije binne lotgenoaten, oan inoar ferbûn troch frjemde triedden fan tagedienens, skuldgefoel en ûnwissens. Foar elk fan har jout dat komplikaasjes en hat it konsekwinsjes.

Op ’e eftergrûn spilet de doarpsmienskip mei syn godstsjinstige en maatskiplike tsjinstellingen, mei ferset en ferried, mei al syn nuverichheden en syn sjarmes. In kronyk fan minsklike lytsens soe men dit relaas neame kinne, teboeksteld troch Martensma. Mar neat is sa lyts of der skimeret út en troch ris in glimp fan wat grutters trochhinne.

Dizze tredde printing is in werútjefte fan de earste printing út 1986.

Author : Anne Wadman ISBN : 9789089541970 Pages : 155 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Kategory: , , , .