Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse
Jan Piebenga
€21,50
Details
De earste printing fan Jan Piebenga syn Koarte skiednis ferskynde yn 1939. It wie it earste folsleine skiednisoersjoch fan de Fryske literatuer en ûntstien út de praktyk fan it lesjaan. It boek is tige ferheljend fan opset en jout rom omtinken oan persoanen en omstannichheden. It besiket elke Fryske skriuwer in plakje te jaan, ek dyselden dy’t fan it twadde of tredde plan achte waarden.
Literatuer en taalbeweging wiene by Piebenga twa kanten fan deselde medaille. Piebenga wie 28 jier doe’t er it boek skreau. Syn generaasjegenoaten liezen it as in meislepende histoaryske roman.
Yn 1957 ferskynde de twadde útwreide edysje. It boek foel der doe minder goed yn omdat de grutte feroaringen fan nei 1945 misten. Dat nimt net wei dat it boek foar de stúdzje fan de âldere literatuer noch altyd in weardefolle boarne is. Dizze útjefte is de werprinting fan de twadde edysje út 1957.