No products in the cart.

Kategoryen

No products in the cart.

Peter pan (5 boekjes)

Praat mar Toaniel!

25,00

Details

Peter Pan bestiet al hiel lang. Hy waard yn 1902 betocht troch James Matthew Barrie, in skriuwer út Skotlân. Syn boek oer Peter Pan wie earst bedoeld foar grutte minsken. It ferhaal waard foaral bekend doe’t Barrie der in toanielstik fan makke yn 1904: Peter Pan or the boy who would not grow up. Dat lêste, dêr gie it toanielstik foaral oer: in jonge dy’t jonge bliuwe woe, net folwoeksen wurde. It wie wol wat frjemd dat de rol fan Peter Pan yn dy tiid spile waard troch in frou. Barrie makke fan it stik in berneboek: Peter Pan in Kensington Gardens. Dy ferhalen wiene sa populêr dat Barrie in nij boek skreaun: Peter and Wendy (1911).

In rige fan 6 toaniellêsboekjes foar de groepen 7 en 8 fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dyn gefoelens en gedachten bringst yn dyn eigen taal it bêste ta útdrukking. By Praat mar Toaniel! geane learlingen op in fleurige en ynspirearjende wize mei Frysktalige toanielteksten oan de slach. It lêzen en spyljen fan teaterstikken yn it Frysk set oan om mear Frysk te lêzen, te praten en mooglik ek te skriuwen.

Kombinaasjetip: By in tal fan de tolve útjeften fan de ‘Praat mar Toaniel!-rige binne nijsgjirrige Projekten foar it primêr ûnderwiis ûntwikkele. Do fynst dy Projekten yn de Fryske metoade ‘Spoar 8’.

Yn de metoade Searje 36, foar it fuortset ûnderwiis, stiet it projekt Praat mar Toaniel klear, dêr’t ek guon fan dizze boekjes by brûkt wurde kinne. Sjoch de metoade foar mear ynformaasje.