Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

Hertsear

Jikke Olivier

Original price was: €16,00.Current price is: €10,00.

Details

Yn de roman Hertsear giet it oer de gefolgen fan in fataal ferkearsûngelok foar de dieder en de achterbliuwers fan it slachtoffer. De lêsten krije it ferlies fan in dierbere foar de kiezzen.

Hoe giest dêr as dieder of as achterbliuwer mei om? It seit himsels dat der foar beide in wrakseling komt. Eardatst oan akseptaasje takomst, is der in hiel ein te gean. Ast safier komme kinst teminsten.

Wilt Jorna, in jongeman fan tritich jier, rint de Camino del Norte nei Santiago om it trauma dat er oardel jier earder oprûn hat te ferwurkjen. Bûten syn skuld om hat er in fytser fan 19 jier oanriden, dy’t de klap net oerlibbe hat. Hy is troch de rjochter frijsprutsen, mar Wilt fielt him likegoed noch skuldich oan de dea fan de jonge. Underweis moetet er oare pilgrims, elk mei in eigen ferhaal. Ien fan harren is Amy Carpenter, in jonge Kanadeeske frou dy’t har âlders koartlyn ferlern hat as gefolch fan in ferkearsûngelok. Sy wrakselet mei haatgefoelens foar de dieder oer. Beide jonge minsken besykje in paad te finen om it libben wer oan te kinnen. Dat falt lang net ta.

Author : Jikke Olivier ISBN : 9789491971280 New label : 1 Pages : 200 Language : Frysk Publisher : KFFB Format : Softcover Kategory: , , .

Relatearre produkten

Oanbieding
Original price was: €16,00.Current price is: €10,00.
Oanbieding
Original price was: €16,00.Current price is: €10,00.