A is fan aapke / A is een aapje: Biste-alfabet
Ankemarije & Eppie Dam
€14,95
Details
It biste-alfabet, skreaun troch Eppie Dam en yllustrearre troch dochter Ankemarije. De teksten op rym binne twatalich: Frysk – Nederlânsk. It boekje is omkearber.
A is in letter, al krekt sa’n wûnder as de Z, it sjongt en it gûnzet, sist en snettert fan bisten yn it alfabet.
A is een letter, ver weg van de Z, dichtbij zijn de dieren van het alfabet.
By dit boekje is ek in prachtige poster ferskynd: https://websjop.afuk.frl/frl/winkel/poster-a-is-fan-aapke-dieren-alfabet/
Thea de Boer: “En as je dan tinke: no is ’t boekje út, komt der noch in ferrassing: it alfabet stiet oan beide kanten fan it boekje. Benthe (5) hat al gau yn ’e gaten dat der noch in oare kant fan it boekje is. Se lêst de letters foar, en dan kinne je it boekje omdraaie. Dêr binne de ferhaaltsjes yn ’t Nederlânsk te lêzen. De printen binne itselde, mar de rymkes net. Dat makket it boekje ek foar âldere bern ynteressant om te lêzen. Benthe wol graach sjen oft der ek ferskil yn sit. Sawol yn skriuwwize as útspraak. Dat makket it foar har wer een hiel oar boekje.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Thea.
Klaske Faassen-Buma: “Foar kleuters en bern dy’t krekt lêze, is it boekje hiel geskikt. Se leare de letters en kinne sels wurden út de rymkes foarlêze. Drege letters lykas de Q binne op in grappige wize útlein.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Klaske.