Kategoryen

No products in the cart.

Tomke syn jierdei

Riemkje Pitstra

6,50

Details

Dit kartonnen úttearboekje Tomke syn jierdei ferskynt nei oanlieding fan it 25-jierrich jubileum fan Tomke. Tomke kin hast net wachtsje, mar hy moat noch sân nachtsjes sliepe foardat it feest is.

Ek te bestellen:


Hilde van Kalsbeek: “It boekje telt yn 7 nachtsjes ôf nei Tomke syn jierdei ta. Mei de kalinder dy wy by it boekje krigen hawwe kinst sels ek 7 nachtsjes ôftelle oant dyn jierdei. Alle personaazjes dy wy fan Tomke kenne komme foarby. Se ha allegear in oare rol yn de tarieding op Tomke syn jierdei. It ferhaal is op rym skreaun. Dat lêst flot en sprekt de bern altyd wol oan.” Lês hjir Hilde har folsleine resinsje.

Elmatine: “We hawwe it boekje faak lêzen koart foar Ruben syn eigen (twadde) jierdei. Ik fûn it in aardige tarieding op syn eigen feestje. Op dy manier ferwachte er dat der minsken lânskomme soenen, dat der taart, kado’s en slingers wienen. Spitigernôch hawwe wy gjin bakker Broadsje yn ’e buert, mar ek de taart fan ús eigen bakker foel yn ’e smaak.” Lês hjir Elmatine har folsleine resinsje.

Author : Riemkje Pitstra ISBN : 9789493159587 New label : 1 Pages : 7 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : Uttearboekje, karton Illustrator : Luuk Klazenga Kategory: , , , , .