Kategoryen

No products in the cart.

Fersen foar Fokje

Bertus Mulder

12,50

Details

Syklus fan Piter Jelles Troelstra

Yn de simmer fan 1881 krige de jonge Piter Jelles Troelstra ferkearing mei de boeredochter Fokje Frânses Pasma fan Westermar. Doe’t hy studint waard yn Grins, moast dit oer wêze neffens de famylje Troelstra.

Yn njoggentjin fersen fan Piter Jelles fynt men dêrfan de delslach. De Fersen foar Fokje beskriuwe syn jongfeinte lok en lijen. ‘De leafde foel as simmerrein m’ yn ‘t hert,’ skriuwt er. De opgong, de twifel, de hope op better as de ferkearing in jier tusken heakjes set wurdt, de ferstille wanhoop en mankelikens komme allegear werom yn dizze syklus.

Bertus Mulder (It Hearrenfean, 1949) studearre arbeidssosjology, wie dosint sosjale skiednis en promovearre yn 1991 oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy is auteur van de boeken De jonge Piter Jelles, Jaap Nieuwenhuize – Onstuimig en onvervaard en De nazi’s te slim af zijn.

Ik jou de wyn myn suchten mei, myn klachten en myn sangen;

Hy strûst sa rimpen oer de wei en rûst dy om ‘e wangen.

Hy tysket yn dyn hierren om en lústert dy yn d’ earen:

“Hy skriemt om dy, syn libbensblom, syn langstme en syn begearen.

 

 

Author : Bertus Mulder ISBN : 9789056157197 New label : 1 Pages : 55 Language : Frysk Publisher : Bornmeer Format : ynbûn Kategory: , , .