Ommers - proazagedichten
Geart Tigchelaar
€15,00
Details
Yn dizze bondel stean proazagedichten. Prozaysk fan styl mar troch de kompaktens en de byldrike taal foarmje se poëzy. Yn Ommers spylje bonkerakken ksylofoan op ribbekasten, hat God bestjoer oer sânbakken en gûle boeken harren eigen siden wiet.
Geart Tigchelaar (1987) hat foar syn earste bondel Leech hert yn nij jek de D.A. Tammingapriis wûn yn 2017 en de Obe Postmapriis foar syn Bomans’ oersetting Erik of it lyts ynsekteboek yn 2016. Yn 2018 waard syn debútroman Bêste jonge nominearre foar de Rink van der Veldepriis.