It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Fjoertoer yn it wâld

Arjan Hut

17,50

Details

De nijste dichtbondel fan Arjan Hut is der!

ljocht waarmer as fjoer,

ljocht yn it ljocht,

ljocht dat fielt dat wy besteane,

ljocht dêr’t we yn wenje kinne

In fjoerkoer, de moanne, krystferljochting yn in kafee, de flits fan in fototastel, in skittering yn eagen, elektryske lampen, in bioskoopskerm… oeral yn it tsjuster fan dizze bondel dûkt ljocht op.

Gauris liket it in beaken, of bringt it as in spotljocht sênes nei foaren, lykas de eksekúsje fan Johannes de Doper op it skilderij fan Caravaggio yn ‘Midsimmer moardzjen’.


Afke Nynke: “De gedichtebondel fan Arjan Hut lêze je net yn ien kear út. Lês ien gedicht, slút dyn eagen en merk op wêr’t it dy bringt…” Lês hjir de hiele resinsje fan Afke Nynke.

Berber: “It is in moaie persoanlike bondel, mei geregeld werkenbere stikken. Ik stapte blanko yn dit boek en it hat my posityf ferrast. It is hiel taastber troch de byldspraak, mar tagelyk ek abstrakt.” Lês hjir de hiele resinsje.”

Jantsje: “It oerstiigjend tema fan alles is ljocht en it kontrast tusken ljocht en tsjuster en dat makket it dochs ta ien gehiel. Nei alles in pear kear oerlêzen te hawwen, wurdearre ik de bondel hieltyd mear. Je helje der op de ien of oare manear geandewei mear út.” Lês hjir de folsleine resinsje.

 

Author : Arjan Hut ISBN : 9789493159389 New label : 1 Pages : 71 Language : Frysk Publisher : Afûk Kategory: , , .

Relatearre produkten