Tomke en de bijen
Geartsje Douma
€6,50
Details
Tomke en de seizoenen
Yn Tomke en de bijen is it maitiid. Tomke siket blomkes foar Kornelia. Mar o nee, hy sjocht in bij. Help! Romke wol de bij pakke, mar Kornelia hâldt him tsjin. Se nimt Tomke en Romke mei nei ymker Jan, en dêr sjogge se wat bijen allegear dogge.
Der binne fjouwer moaie nije rigeboekjes fan Tomke ferskynd, foar alle seizoenen ien. De boekjes binne te keap foar € 6,50 it stik, óf meielkoar yn in stevige kassette foar € 25,-.
En spesjaal foor alle Bildtse kines is ‘t boeky út de nije Tomke-sery, Tomke en de bijen, ók in ’t Bildts te krijen!
Besjoch hjir it filmke fan de Tjitsfloch wêryn it boekje foarlêzen wurdt.
Antje: “De yllustraasjes geane echt oer de bledside dernêst. Dat makket it ferhaal tige sprekkend. It helpt ek om de bern it ferhaal neifertelle te litten. Dat it ferhaal op rym is, is ek helpend dêrfoar.” Lês hjir de hiele resinsje fan Antje.
Tietsje: “Alle kearen at we it boekje besjogge of lêze, ûntdekke we wer nije dingen, en wylst Nynke no foaral in soad leart fan de plaatsjes en wat bijen binne, helpt it boek ús letter om út te lizzen wat bijen presys dogge en wêrom’t se sa wichtich binne. In hiel moai boekje, dêr’t we noch skoften yn lêze sille.” Lês hjir de hiele resinsje fan Tietsje.