It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Silke & Miss Dee

Baukje Wytsma

14,95

Details

De âlde Miss Dee dy’t yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje  bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is Miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters. De minsken sizze dat Miss Dee ûnder krantepapier sliept! Wa docht soks no?

As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op in kear yn it krantehûs skûlje mei foar de rein, ûnstiet der in bysûndere freonskip. It hûs fan Miss Dee ûnderoan ‘e dyk is foar Silke in oare wrâld, se komt dêr graach. Se leart in protte fan dy âld-learares dy’t har in bytsje iensum fielt op it Fryske plattelân. Sa komt Silke stadichoan mear te witten oer it libben fan Miss Dee yn Ingelân en fansels ek oer de Ingelske taal!

Silke hat it net altyd maklik op skoalle, se kin hiel goed leare, mar se wurdt ek faak pleage troch twa famkes út har klasse. Miss Dee leart Silke om sterk yn it libben te stean: to be strong! As Miss Dee no oan de ein fan har libben mar net wer ferhuzet nei Ingelân…

It boekje is trijtalich: Frysk, Nederlânsk, Ingelsk.

Dit boek is foardroegen foar de IBBY Honour List 2022: https://afuk.frl/twa-fryske-foardrachten-foar-de-ibby-honour-list-2022/

Leeftyd 10+


Antsje: “Trijetalichheid is it aktuele tema dat Wytsma yn it ferhaal ferweve hat. It leuke is datst Miss Dee echt praten hearre kinst, datst sels ek hast Ingelsk begjinst te praten. It boek giet hiel natuerlik fan de iene yn de oare taal oer.” Moai dien. Lês hjir de hiele resinsje op heitenmem.nl.

Simone: “Op in dei mist Silke de bus nei skoalle. It reint hurd en se is dweiltrochwiet. Se mei skûlje by Miss Dee, dy’t deunby de bushalte wennet. Tusken de twa ûntstiet in spesjale freonskip.” Lês hjir de hiele resinsje op heitenmem.nl.

Tante Tjits: “Ik fyn dit in hiel moai boek. It sjocht de moai út en it giet oer ûnderwerpen dêr’t oer praten wurde kin. Silke en miss Dee binne hiel eigen en net oerdreaun as typkes delsetten. Wat sy meimeitsje is lyts en dat makket it hiel werkenber. Konklúzje: in oanrieder!” Lês de hiele resinsje op de blog van Tante Tjits.

 

Relatearre produkten