Lân sûnder ljurk
Syds Wiersma
€15,00
Details
Lân sûnder ljurk is de fjirde dichtbondel fan Syds Wiersma (Grou, 1963).
De gedichten yn dizze bondel binne fan de lêste trije jier. Folle mear as yn syn eardere dichtwurk jout Wiersma syn fyzje en poëtyske reaksje op de aktualiteit. De bondel set útein mei in ‘ierdsk’ petear mei de dichter Obe Postma; oer syn dichterskip en de alarmearjende situaasje fan it Fryske lân. Yn de skiften dy’t folgje, komt de aktualiteit wiidweidich oan bod: yn maatskiplike en persoanlike ûnderwerpen, fan polityk oant sport, oer leafde en ferlies. Tuskentroch is de dichter op ‘e strún yn Fryslân en dêrbûten.
Lykas yn syn eardere bondels hantearret de dichter in ferskaat oan fersfoarmen. Gedichten mei in fêst tal wurdlidden op in rigel wurde ôfwiksele troch frije fersen. It twadde skift is in rige sonnetten. De measten dêrfan ferskynden earder op de webside fan it Frysk dichterskollektyf RIXT, dêr’t Wiersma ien fan de oprjochters fan is.
Los fan aktuele tema’s toant Lân sûnder ljurk de oanhâldende syktocht om in lyryske stimme.
Dêr’t de ljurk út de greiden ferdwûn, besiket dizze dichter te sjongen dêr’t er kin. Om de taal fan de dichtfûgel te hoedzjen en te fieren. Soms bidt er ek in nij kaddysj, skreaun by it ferlies fan dierberen.
Kaart: Hoi beppe!
Bistespul
Tije - Audioboek
Trude
De abtenkroniek van Aduard
Frysk Bakboek
It geheim fan Lord Jim
Oer mûzen en mannen
De wûndere leafde fan Emine en Einte
De Tsjûgen fan de Macht
Friese portretten - Pieter Jan Verstraete
Op redens oer - Lústerboek
De hoogste terp van Friesland
Wês net bang (mar wol foarsichtich)
Broodplank "Bûter, brea, en griene tsiis..."
Moard yn tsjerke
De skilders fan it Fryske lân
Sitebuorren myn eigen paradys - Audioboek
Kaart: De tiid hâldt gjin skoft (Friese spreuktegel)
Kaart: Samar...
Vita Brevis