Categorieën

Geen producten in je winkelmand.

Ynbyld - Elske Kampen

Elske Kampen

17,50

Details



Ynbyld – Elske Kampen

 

Mei byldzjend wurk fan de skriuwster

 

 

 

Bin ik op in eilân en inkeld mei myn each kin ik

 

de see berikke, wylst ropt in twingjend freegjen

 

yn my om alles wat it sjocht te neamen.

 

 

 

Mar leaver as te neamen, graaf ik.

 

Krij in skeppe en bûgje my foaroer en graaf.

 

En iepen-ticht en iepen-ticht is wylst it wikseljen

 

fan tij in núnderjend gerdyn, binne myn knibbels

 

wiet fan it heechspringend wetter en moarn

 

myn boksen mei bedrûge skom it wyt bewiis

 

dat ik hjir werklik wie.

 

 

 

Utjouwerij Afûk

 

61 siden, ynbûn

 

ISBN: 9789492176486

Gerelateerde producten

In winkelmand
15,00
Fan glês it brekken
In winkelmand
Aanbieding
15,00 5,00