De parallaks
Janneke Spoelstra
€19,50
Details
Yn De parallaks, dy’t in simmerhealjier tusken Ljouwert en It Amelân beslacht, komme trije froulike haadpersoanen oan it wurd: Famk dy’t tritich wurdt, Lokke dy’t fyftich en Wyb dy’t santich wurdt.
Alle trije identifisearje se harsels as lesbysk, mar troch it ferskil yn leeftiid is it perspektyf hiel oars. De libbens fan ‘e froulju rinne soms mei-inoar op, mar úteinlik folgje se alle trije har eigen wei.
De parallaks is de earste roman fan Janneke Spoelstra (Hijum 1962). De skriuwster, dy’t wennet yn Alde Leie, publisearre twa dichtbondels: Goeie is it wachtwurd (Utjouwerij Frysk en Frij 2004) en Langst fan ‘e dagen (Friese Pers Boekerij 2011). In treddenien, Wij yn ‘e draaimûne, ferskynde tagelyk mei dizze roman.
Yn 2008 publisearre Spoelstra, yn it ramt fan it projekt Fryske Modernen, de ferhalebondel In Jikse-libben, dy’t as ien fan ‘e tsien Fryske boeken yn 2013 op de Frankfurter Buchmesse ûnder de oandacht brocht waard. Se sette de ferhalebondel sels oer nei it Nederlânsk. Under de titel Wat ze dan dacht ferskynde dy oersetting yn 2013 by Utjouwerij Elikser.\
Lústerje nei de Podcast mei in fragmint út de Parallaks: https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/boekekast-1-de-parallaks-fan-janneke-spoelstra
——————————-
Wopkje Bergmans: “Dy trije libbens rinne yn De parallaks trochinoar hinne. Alle trije ha se it betiden bêst wol swier mei harren foarkar foar froulju…’ Lês Wopkje har hiele resinsje hjir op heitenmem.nl.
Antje van Schepen: “Wylst ik de roman ‘De parallaks’ fan Janneke Spoelstra lies, fielde ik dat it om in echt ferhaal gie. Net ‘echt’ yn de sin fan wier bard, mar wol kin de lêzer werkenning fine of ynsjoch krije yn hoe’t it is ast lesbysk bist. En dan net op in wize dat it der swier boppe-op leit, nee gewoan, sa’t it yn it deistige libben giet.” Lês Antje har hiele resinsje hjir op heitenmem.nl.
Gulden Vrijheid?
A is fan aapke / A is een aapje: Biste-alfabet
De kâlde krústocht
It geloksbern
De reuzen wurde wekker
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen
Leave pake Durk
Brekber
Onvermijdelijk verraad - Oorlogsroman 1938-1945
Tantalus II
Rowena, sage van een Friese prinses
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen
In soarte fan bûgjen