Categorieën

Geen producten in je winkelmand.

Wij yn 'e draaimûne

Janneke Spoelstra

12,50

Details



Wij yn ‘e draaimûne is de tredde dichtbondel fan Janneke Spoelstra.  Yn dizze bondel wurdt it ûndersykjen fan it eigen plak op ‘e wrâld trochset en wurdt wjerstân bean oan net allinne it ferlies fan neisten, mar ek fan soks saakliks as in gemeente.
Mei it gedicht ‘In wykein as dit’ wûn Spoelstra yn 2016 in Rely Jorritsma-priis. Yn 2016 lies se, yn it ramt fan it projekt Poetic Potatoes, har ierappelgedichten foar op Malta en yn 2017 trede se yn Dublin op yn it ramt fan International Women’s Day. It gedicht ‘Altyd alve’ waard útkeazen om yn septimber 2018 yn Brussel, as ûnderdiel fan it Transpoesie Festival, foar it fuotljocht brocht te wurden.

Janneke Spoelstra (Hijum 1962) wennet yn Alde Leie, se publisearre har debútbondel Goeie is it wachtwurd (Utjouwerij Frysk & Frij) yn 2004. Har twadde bondel, Langst fan ‘e dagen, ferskynde by de Friese Pers Boekerij yn 2011.

———————-

Aukje-Tjitske: “Hjir en dêr is de poëzy fan Spoelstra ferrassend konkreet, prozaysk hast.” Lês de hiele resinsje hjir op heitenmem.nl.

ISBN: 9789493159013 Auteur: Janneke Spoelstra Pagina’s: 64 Taal: Frysk Uitgever: Afûk Uitvoering: paperback Categorie: , , .