Categorieën

Geen producten in je winkelmand.

Tomke massaazjekaartsjes

9,95

Details



Dizze Tomke-massaazjekaartsjes kinst thús brûke, mar ek op skoalle, by de berneopfang en op pjutteboartersplakken.
Massearje is in hiele aardige manier om rêst, ferbûnens en feilichheid yn dyn groepen dyn gesin te kreëarjen.
Boppedat hat ûndersyk útwiisd dat bern dy’t leafdefol oanrekke wurde, better sliepe en leare, dat se har eigen grinzen en dy fan oaren better respektearje en har better bewust binne fan harren eigen liif.

www.tomke.nl

De massaazjekaartsjes binne ûntwikkele troch Corina de Boer-Vreeke. (www.ynferbyning.nl)

 

Boartsje mei Tomke?

Gean nei Tomke.nl of download de Tomke-App foar iOS of Android.


Pieter Zuidema: “It binne koarte en maklik út te fieren massaazjes. De jongeren dy’t in koarte massaazje fan my krigen ha, oan ’e hân fan sa’n Tomke-kaartsje, genietsje folop. ‘Oeh dat kribelt’, ‘Dat fielt lekker’, mar ek wille om wat se belibje en fiele. In koart momint op ’e dei, in momint fol genietsjen, mei oandacht foar eigen lichem en dus ek eigen wolwêzen.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Pieter.

Rozemarijn Strubbe: “Massaazjes binne neffens har “in hiele aardige manier om rêst, ferbûnens en feilichheid yn dyn groep en gesin te kreëarjen.” By ús thús is dat wier it gefal. Us Benn is in gefoelich jonkje dat krekt nei de grutte skoalle giet. Dat makket in soad yndruk op him en dy emoasjes bliuwe yn syn liif sitten. Troch de massaazjes jout er him del en komt er út syn holle. Foar my as mem ek in hearlike wize om lichaamlik kontakt te hawwen mei myn soan.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Rozemarijn.

Amanda Binnema: “Wy dogge it wol gauris foar it sliepen gean, de bern kieze dan in stik as trije kaartsjes út en sa massearje we elkoar, sittend yn in treintsje. In moaie ôfsluter fan de dei en in moai momint om yn ’e rêst te kommen.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Amanda. 

Gerelateerde producten

In winkelmand
Nieuw
1,00
poeske mau
In winkelmand
Nieuw
2,50
Myn grutte syk en ûntdekboek
In winkelmand
Nieuw
13,50
In winkelmand
Nieuw
2,50