Categorieën

Geen producten in je winkelmand.

Swarte ingels

Willem Schoorstra

16,95

Details



Al op de earste side fan dit boek giet de lêzer werom fan it no nei it begjin fan it ferhaal: de striid tusken de heit en de mem oer de opfieding fan Hilbrand en syn suske Fardou. De heit wol dat de bern sportyf binne, de mem set se op it spoar fan de literatuer. It ferhaal wurdt ferteld troch Hilbrand. Hy rekket fereale op syn suske, mar lit earst neat skine. As sy syn gedichten fynt, fertelt sy dat se itselde foar him fielt. Wat in lokkige relaasje liket, hoe geheim ek, rint dramatysk ôf. It leafdesferhaal tusken broer en sus spilet him of tsjin it dekôr fan de santiger jierren. Net allinne de haadpersoan, mar ek de lêzer beseft dat it yn dit ferhaal om in ûnmooglike leafde giet. It boek ferskynde yn it Nederlânsk ûnder de titel Zwarte engelen yn oersetting fan de auteur sels.

Dizze twadde printing is de werútjefte fan de earste printing út 2004.

Gerelateerde producten

Dingeman krijt wjukken
In winkelmand
Nieuw
15,00
Jesse
In winkelmand
Nieuw
14,99
Tútsje derop
In winkelmand
Nieuw
12,50
De Moanne nr 3 2020
In winkelmand
Nieuw
6,50