It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Smoarge Piter

Heinrich Hoffmann

12,90

Details

Smoarge Piter is de Fryske oersetting fan it Dútske berneboek "Struwwelpeter" fan Heinrich Hoffmann troch Jacobus Quiryn Smink mei fleurige ferhalen en grappige printen. Sûnder mis hie Hoffmann it Frysk net ferstien, mar it is oan te nimmen, dat er mei dizze oersetting like bliid west hie as mei de oersettings yn oare talen. En wis hie er "Smoarge Piter" as in nije sprút yn de ynternasjonale Struwwelpeterfamylje wolkom hiten en de oersetter Jacobus Q. Smink, dy ‘t Struwwelpeter en syn kammeraten mei in soad kompetinsje en rykdom oan ideeën in nije Fryske identiteit jûn hat, mei syn slagge wurk lokwinske.