Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Skerp ark - e-book

Popke Popma

4,99

Details

Skerp Ark – e-book
Plysjeroman fan Popke Popma

Nei it suksesfolle debút Smelle spoaren is dit de twadde plysjeroman fan Popke Popma mei plysje Klaas Hoogendijk yn de haadrol:

1944

 

Hy hat wolris heard dat ferrieders harren by ondergrondsen yn wrotte en dan foar in knappe beleanning de Dútsers op ‘e hichte bringe.
‘Ik bin net fan plan it tsjin de moffen yn ‘e kant te setten. Ik ha ek noch in frou en in jonge.’

 

Eichendorff: ‘As se hjir sitte fanwege terrorisme, falle se yn de hannen fan Müller. In echte sadist, hy kriget elkenien oan ‘e praat mei syn metoaden.’

 

De Visser: ‘Ik doar te wedzjen dat Sake syn heit de Dútsers noait in striebreed yn ‘e wein leit hat, hy wie ek gjin NSB’er.’
‘Hy is wol troch de Dútsers deasketten.’
‘Hoogendijk, dat is hjir yn de streek in grut riedsel, net ien wit it fijne derfan. Foar wat swarte hannel waarden jo net deasketten.’

 

Klaas Hoogendijk en Carla taaste yn in dizige saak.

Gerelateerde producten