Seis Ses Zesse Ses - Fryske boekewike geskink
Details
‘Seis Ses Zesse Ses’ ferrassende ferhalen fan skriuwers dyt de lêzer meinimme yn harren eigen taal: it Frysk, Stellingwarfs, Snekers en it Bildts. Fjouwer talen, seis stimmen en wrâlden dy’t fertroud lykje, mar hieltyd in ferrassende draai nimme. Humor, tragyk en beskôging wikselje inoar ôf.
Yn de Fryske Boekewike trede de skriuwers fan it Kadoboek yn wikseljende gearstalling rûnom op yn de provinsje.
• 2 novimber, 19.30 Johan Veenstra, Gerard de Jong en Gabrielle Terpstra, Bibliotheek Heerenveen, It Hearrenfean
• 3 novimber, 19.30 Henk van der Veer, Johan Veenstra en Martsje de Jong, De Koperen Kees, Snits
• 4 novimber, 19.30 Gerard de Jong, Martsje de Jong en Marije de Lange, Het Graauwe Paard, Ouwe Syl
• 6 novimber, 19.30 Henk van der Veer, Gabrielle Terpstra en Marije de Lange, Bibliotheek Makkum
Alle optredens binne fergees tagonklik en by alle optredens is in ferskaat oan Fryske boeken te keap.
It Frysk Kadoboek ’Seis Ses Zesse Ses’ is de hiele Fryske Boekewike fergees te krijen by oankeap fan €15,00 oan Fryske boeken.
It Kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân set him yn foar lês- en ferkeapbefoardering en de promoasje fan it Fryske boek. Under oaren troch it organisearjen fan de Fryske Boekewike en de Sutelaksje. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en oare projekten fan Boeken fan Fryslân op www.boekenfanfryslan.frl.
Lekker Franekers - Resepten út ut hart fan Franeker
In lichem fol beloften - Boek + cd
De geheime doar
Metalen bordje - Húske
FRL stikker (stjerren)
De wylde iris - gedichten
Tegere - gedichten (Stellingwarfs)
Poster A4 Frysk Fries - Dream grut lytse man (lama)
School zonder tranen
Historische atlas van Zuidoost-Friesland - Het andere Friesland
Fries geluk - Frysk gelok
Winterboek - Foar bern fan 2 o/m 6 jier
Krystkaart / Nijjierskaart: Waarme feestdagen (skiepke)
Kaart: De leafde is ûneinich (Falentynskaart)
Kaart: Betterskip gedicht
Boekelizzer: heit is myn held
Pannenlap Fryslân - set van 2
It Pinksterfamke