It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Rys mei rezinen - Grôt mei krôde

Meindert Bylsma

11,50

Details

Noch ien kear wol ik my útrisse ta de striid: ien kear noch ynbrekke yn ’t libben, op ’e râne fan ’e tiid. Mar de tekens stean faai: besingele wurd ik troch in heksekring, begnúfd troch in duvelsaai, hoannen kraaie yn ’e jûn, ik puozje sâlt op ’e grûn, sweltsjes ha besletten by ’t bouwen fan in nêst myn hûs te mijen, nachts heazje harmoanika’s benearjende meldijen, by ’t lemieren mâlbeare akke-tsjoensters yn koar, in hoefizer hinget ferkeard om oan ’e doar, klokswichten lizze op ’e flier, in spegel leit oan barrels, swarte krieën âlje om ’e gibbegatten, swarte katten strûpe troch ’t strewel en flechtwegen rinne allegearre ûnder ljedders del. ’t Is alle dagen duveldei! Wêr fyn ik noch in útbrekwei?

Deze bundel, in de van Meindert Bylsma bekende speelse en humoristiche stijl heeft als thema’s: vervreemding, verwondering en herinneringen aan vervlogen tijden. Bylsma combineert luim en ernst op lenige en originele wijze.

 

Author : Meindert Bylsma ISBN : 9789089545602 Pages : 45 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : Softcover Categorie: , , .