Rosmos
Willem Schoorstra
€10,00
Details
Hedzer, telch út it romrofte Mebiuslaach, ûntflechtet it miljeu dêr’t er yn grut wurden is. Gjin wiithannel, kontrabande of yllegale saakjes mear foar him. Dochs falt it him net ta om syn Mebiuswêzen samar oan ‘e kant te skowen. Hedzer bedarret yn it nachtlibben, moetet in lichte fûgel en wurdt ferlyfd. Fan dat momint ôf rekket syn libben yn in streamfersnelling. Hy komt net allinne op de frjemdste plakken telâne, mar moat ek de wichtichste fragen beantwurdzje…
Rosmos is in spannende en humoristyske roman dy’t him ôfspilet yn de ‘ûnderklasse’ fan de maatskippij. Fol faasje nimt Willem Schoorstra de lêzer mei yn in ferhaal dat giet oer frouljushannel, moard, loyalens en komôf. Oer it opwaarmjen fan djipfries saté yn in wettersieder. Oer seks as jierdeikado yn it ramt fan in famyljetradysje.
Goede sier - Over Heraldische Wapens en hun makers
De Raven en oare oersettingen - Audioboek
Fan de lytse mol, dy't witte wol wa't him op 'e kop skiten hat - printeboek
Vier namen - De noodlottige verzetsgeschiedenis van mijn familie
Lockdownleafde
Foppe de Haan
Nijntje op ’e buorkerij
Tomke en de bijen - Bildtse edisy
Nijntje yn it museum
Ofskaid en útsicht
Ju(c)kema Siderius - De families, het goed en het fonds
Een wenteltrap door de tijd
Van broedertrouw tot Bildtweb
Rêdbâd - Kening fan ’e Friezen