Categorieën

Geen producten in je winkelmand.

Op 'e kofje yn 'e kosmos

Jouke Hylkema

12,50

Details



Wy skriuwe it jier 2045: twa ierdlingen bemanje it romteskip ‘Nun’ dat al acht jier ûnderweis is nei ‘Sodom-y’. De NASA tinkt bewiisd te hawwen dat it libben op ‘e planeet oerienkomst hat mei it ûntstean fan ‘e ierde.

 

De kosmonauten Dobby en Kommandant wisten by de lansearring al dat it op in tiidslinende ûndernimming útrinne soe. Al kin de minsk al withoefolle kearen hurder as it lûd, noch lang net kin er hurder as it ljocht. Beide kosmonauten binne selektearre om’t hja net troud binne, gjin famylje hawwe en hast gjin freonen.

 

Dobby is sels mar foar in part minsklik! Paradoksaal genôch stjoert de Kommandant syn befinings yn in byldzjende rapportaazje, ûnder oaren yn ‘e foarm fan terzinen, nei de ierde. Dobby fernimt hoe’t de poëtyske boadskippen fan syn kollega hieltyd religieuzer wurde wat mear it skip him ferwideret fan it molkweistelsel…

 

En dan… bart der, lykas yn safolle SF-ferhalen, eat dat hast net ûnder wurden brocht wurde kin. Alle apparaten falle út, útsein it kofjesetapparaat!

Gerelateerde producten

Oorlogsverlden Kievitshorne
In winkelmand
Nieuw
27,50
Ensafh Nr 3 2020
In winkelmand
Nieuw
6,99
Akkie op 'e pleats
In winkelmand
Nieuw
7,90
Ensafh Nr 2 2020
In winkelmand
Nieuw
6,99